Wiltsje fan Peazenstrije folksmuzikantenDatum & tijd: Zaterdag 13 Februari 2010 20:00 |
Korte omschrijving van de voorstelling:
Het trio treedt met ‘Wiltsje fan Peazens’ puur op als liefhebberij; zijn zeer terughoudend met publiciteit en zoeken hun optredens met zorg uit, dus we zijn heel blij hen in Theater Meerzigt te mogen ontvangen!
En omdat deze voorstelling weer echt ‘Frysk’ is, volgt nu een volledige uiteenzetting over programma en spelers in het Frysk; voor de echte liefhebbers!
Wiltsje fan Peazens is de namme fan in ploechje fan trije folksmuzikanten. Se hawwe har neamd nei in fiskerman dy’t foarkomt yn Siderius de Granaet, it ûnferjitlike jongereinboek oer in jonkje út Dokkum, dat skreaun is troch Abe Brouwer. It die lykwols bliken dat dy Wiltsje fan Peazens echt bestien hat, krekt as guon oare figueren út dat boek. It wie in fiskerman út Peazens. Hy ferkocht de skol dy’t troch de fiskers fan Peazens op it Waad fongen wie yn Dokkum by de Waach. Dat sadwaande it ferneamde sechje: “By de Waach stiet Wiltsje fan Peazens mei hiele grouwe skol!”.
En wêrom’t trije manlju har neamd hawwe nei dy iene persoan? Wa wit komt dat ûnder de foarstelling noch oan ’e oarder , want de mannen spylje en sjonge net allinnich, der is ek hiel wat te fertellen.
De groep Wiltsje fan Peazens bestiet no al sa lang dat de muzikanten net iens mear krekt witte wannear’t se begûn binne. Mar it is nei alle gedachten mear as fiifentweintich jier lyn. Earst bleauwen de optredens beheind ta in stikmannich nûmerkes yn it skoft by de iepenloft- foarstellings yn de Jorwerter notaristún en fansels by de neisit yn it romrofte kafee fan Jan en Eef. Mar linkendewei kaam der mear belangstelling foar harren muzyk.
De groep bringt meast eigen lieten, dy’t skreaun binne troch de sjonger- fioelespiler Hylke Tromp. In protte Friezen kinne him noch as de ferreinde spylman op it dak yn Anatevka. De oare twa muzikanten binne Jan Willem Bleijswijk, de sjonger-gitarist, en Joop de Jong dy’t ûnder it sjongen syn akkordeon as in master bespilet.









