Douwe Kootstra
maandag 19 december 2011 11:14
Snein 18 desimber wie ‘Theater Meerzigt’ útferkocht. In protte Eastermarders - mar ek minsken fan bûten - koenen it paad nei ‘Meerzigt’ fine. In krystbeam, ljochtsjes en de Glühwein stie klear. Kin it sfearriker?
Wy koenen dizze middei genietsje fan Douwe Kootstra, de bekende Fryske skriuwer en ferhaleferteller, mei muzikale begelieding fan Arie van Lienen op trekharmoanika.
Kootstra begûn mei in ferhaal út Noarwegen en by wurden lykas ‘twilljocht’ joech er eefkes in fertaling foar de jongelju: skimerljocht. En mûtel is ‘mollig’.
Ien fan de sterkste ferhalen gie oer in pappegaai yn oarlochstiid. Syn koai stie yn in kafee en hy koe omraak prate. Hy koe sels sizze: “Hitler ist tot! Hitler ist tot!” en dat wie knap lestich om’t der jûns ek wol gauris Dútske soldaten yn it kafee kamen. En ja, op in jûn dêr wie’t safier, de soldaten yn it kafee en de pappegaai mar roppe: “Hitler ist tot! Hitler ist tot!”.De soldaten warskôgen: “As we hjir moarn wer komme moat dat bist him stil hâlde en oars draaie we him de nekke om!”
De kastelein wist rie, dûmny hie krekt sa’n pappegaai en sa waarden de bistkes ruile. De pappegaai fan dûmny stie yn it kafee en sei neat. Mar de soldaten fertrouden it dochs net hielendal. Se gienen foar de koai stean en dagen him út mei: “Hitler ist tot! Hitler ist tot!”
“Laten wij danken “, sei de pappegaai!
Arie van Lienen omliste de ferhalen mei moaie bypassende muzyk.
En om’t de Glühwein noch net op wie koenen we noch gesellich eefkes neisitte.
![]() |
![]() |











